Dei twa fan de kompetysje
Der is keatst yn trije perken en dêrfan bestie der ien út allinnich mar froulju. Boukje Steinstra keatste mei Hendrika Reitsma tsjin Lisa van der Ende, Sissel de Boer en Loretta van der Galien. In protte wille yn perk ien. It partoer mei twa blykte te sterk foar de oaren, 5-5 en 4-6. Yn perk trije, in bytsje ôfstân is wol noflik soms, keatsten Jan Dik Slop, Klaas van der Veen en Halbe van der Valk tsjin Jelmer van der Valk en Jente Wybren Muller. Jente koe se aardich reitsje en mei de snelheid fan Jelmer sit it wol goed sadwaande koene de beide mannen it oprêde 5-5 en 4-6. Yn it lêste perk nammen Jasper Visser en Albert Reitsema it op tsjin Jan Heida en Hans de Boer. Dat waard in spannende partij en duorre hast oardel oere. Mei 5-5 en 2-6 wisten Jan en Hans de winst nei harren ta te lûken. De neisit yn de kelder wie ek kreas regele, tank derfoar oan de jeugd fan Mantgum en wat ús oanbelanget foar werhelling fetber. Dei twa fan de kompetysje wis no keatst. We geane troch oant 18 july dus noch tiid genôch om der in kear hinne.
Geplaatst op 07 May 2011